Clermont-Ferrand (Ossitaansk: Clarmont-Ferrand, Clarmont, Clarmont d'Auvèrnhe of Clarmont d'Auvèrnha) is de haadstêd fan de Frânske regio Auvergne en de meast wichtige stêd yn en teffens haadplak fan it departemint Puy-de-Dôme.

Fan it totale ynwennertal (yn 2005) binne sa'n 31.000 studinten. De berepsbefolking sit foaral yn de finansjele en administrative sektor en de logistyk. Clermont-Ferrand is it oarspronklike festigingsplak fan bannefabrikant Michelin, dy't sa'n 14.000 minsken yn it wurk hat.

De katedraal fan Clermont-Ferrand en in protte huzen yn it âlde sintrum binne swart, omdat se fan lavastien boud binne.

Namme De stêd hat yn de rin fan de tiid ferskate nammen hân: Nemossos (Keltyske namme, fan de Aldheid oant de 1e iuw) Augustonemetum (fan de 1e oant de 3e iuw) Arvernis (fan de 3e iuw oant 848) Clairmont (sûnt 848) Clermont-Ferrand (sûnt 1631 en 1730)

Religy

Fierwei it grutste part fan de befolking fan de Auvergne is katolyk. Clermont-Ferrand ek; it is in biskopsit. Der binne twa grutte RK-tsjerken: De Romaanske Basilyk Notre-Dame du Port De út swarte lavastien oplutsen goatyske Kathedrale Notre-Dame-de-l’Assomption

Grutte autodiken De A71 ferbynt Clermont-Ferrand mei Orléans De A72 ferbynt Clermont-Ferrand mei Saint-Étienne De A75 (mei it Fiadukt fan Millau dêryn) ferbynt Clermont-Ferrand mei Béziers en Montpellier.

Kultuer Yn Clermont-Ferrand sit it Archeologysk museum Bargoin.

Berne yn Clermond-Ferrand Gregorius fan Tours (538-594), Frankysk biskop en histoarikus Blaise Pascal (1623–1662), filosoof, teolooch, wis- en natuerkundige Nicolas Chamfort (1740-1794), dichter en skriuwer fan aforismen Antoine de L'Hoyer (1768-1852), gitarist en komponist George Onslow (1784-1853), komponist André Michelin (1853-1931) en Edouard Michelin (1859-1940), yndustriëlen, útfiners fan de Michelin-bannen Pierre Teilhard de Chardin (1881-1955), teolooch, paleontolooch en skriuwer Raphaël Geminiani (1925), earder hurdfytser Fernand Raynaud (1926-1973), humorist Roland Lesaffre (1927-2009), akteur Dominique Perrault (1953), arsjitekt Lolo Ferrari (1963-2000), dûnseres en (porno)aktrise Édouard Michelin jr. (1963-2006), yndustrieel (Michelin)

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Auvernje Kategory:Auvernje-Rône-Alpen