Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is in Amerikaanske science fiction-film út 2019 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it njoggende diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it direkte ferfolch op Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, út 2017. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard regissearre troch J.J. Abrams, dy't ek ferantwurdlik wie foar it earste diel fan 'e ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015. De haadrollen waarden fertolke troch Daisy Ridley, Adam Driver, John Boyega en Oscar Isaac. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering IX – De Opkomst fan Skywalker".
De film giet fierder dêr't Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi einige. It Ferset tsjin 'e Earste Oarder sit yn 'e lytse loege, mar hat de striid noch net opjûn. In dramatyske nije ûntwikkeling is in radioberjocht dat yn it hiele Stjerrestelsel opfongen wurdt en ôfkomstich liket te wêzen fan keizer Palpatine, dy't al mear as tritich jier dea heart te wêzen. Sawol it Ferset as de Earste Oarder is der alles oan gelegen om 'e oarsprong fan dat berjocht út te sykjen. It blykt te kommen fan 'e ferburgen Sith-planeet Exegol, dy't inkeld berikber is mei in artefakt dat in 'weifiner' hjit. Kylo Ren, de opperste lieder fan 'e Earste Oarder, beset sa'n helpmiddel en ûntdekt op Exegol dat Palpatine út 'e dea opstien is en yn 'e tuskentiid in reuseftige float opboud hat. It Ferset moat sjen dat it sawol de Earste Oarder as de weropstiene Palpatine tsjinkeart, in suver ûnmooglike opdracht.
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wie opmerklik om 'e rol dy't oan aktrise Carrie Fisher taparte waard, mei't hja al fier foar it úteinsetten fan 'e produksje ferstoarn wie. Fierders waarden der yn 'e film nije personaazjes yntrodusearre wylst âlde bekenden nei lange ôfwêzigens weromkearden. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de op seis nei meast opbringende film fan 2019. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard nominearre foar trije Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in fiif Saturn Awards.
Plot Yn it hiele Stjerrestelsel wurdt in radioberjocht ûntfongen, wêryn't keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, driget mei wraak. De Earste Oarder, dy't bestiet út 'e gearklofte restanten fan Palpatine syn Galaktysk Keizerryk, rekket yn dusoarder as Kylo Ren, dy't opperste lieder Snoke fermoarde en syn plak ynnommen hat, koartseftich begjint te sykjen nei de oarsprong fan it berjocht om eltse rivaal foar syn nijwûne macht te eliminearjen. It docht bliken dat it berjocht fan 'e ûnbekende planeet Exegol komt, in ferburgen bolwurk fan 'e Sith, dat inkeld yn guon oerâlde geskriften neamd wurdt. Om Exegol te finen, hat men ferlet fan in artefakt dat in 'weifiner' hjit, en dêrfan besteane mar twa.
Kylo fynt ien fan 'e beide weifiners yn 'e ruïnen fan Fort Vader, de fêsting dy't syn pake Darth Vader op 'e fulkaanplaneet Mustafar boud hie. Hy reizget nei Exegol ta, wisberet om mei dejinge ôf te weven dy't keizer Palpatine neibeart. As er dêr oankomt, ûntdekt er lykwols dat Palpatine syn yngeande kennis fan 'e tsjustere kant fan de Krêft brûkt hat om wer út 'e dea op te stean. Hy is in útmergele meunster dat geande holden wurdt troch in mânske masine dy't syn lichemsprosessen foar him útfiert, mar hy libbet wer. En hy lit Kylo sjen dat er de lêst tritich jier net stil sitten hat. Op Exegol hearsket er oer de Ivige Sith, in grizelige kultus dy't oan him wijd is. De kultisten hawwe foar him de reuseftichste float fan stjerreslachskippen boud dy't it Stjerrestelsel ea sjoen hat – en elts skip is tarist mei in superlaserkanon dat by steat is om in hiele planeet te ferneatigjen.
Palpatine bringt oan Kylo Ren út dat hysels en nimmen oars ferantwurdlik is foar it oerheljen fan Kylo nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. Opperste lieder Snoke wie gjin selsstannich wêzen, mar in kreaasje fan Palpatine. En de stim fan Darth Vader, dy't Kylo út en troch yn syn holle hearde? Dat wie Palpatine ek. De keizer biedt Kylo syn float fan stjerreslachskippen oan, dy't er de Lêste Oarder neamt, en dy't de hearskippij fan Kylo oer it Stjerrestelsel bewissigje sil. Yn ruil dêrfoar wol er dat Kylo foar him Rey opspoart en fermoardet, dy't nei har ôfreis fan Ahch-To har training as Jedi-ridder fuortset mei help fan generaal Leia Organa, de liedster fan it Ferset.
Net folle letter hawwe piloat Poe Dameron, âld-stoarmtroeper Finn en de Wookiee Chewbacca, dy't liedende leden fan it Ferset binne, in geheime moeting mei in kontaktpersoan. Dyselde spilet harren ynformaasje ta dy't komt fan in anonime sympatisant fan it Ferset binnen de Earste Oarder. Sa komme hja oan 'e weet dat Palpatine wier wer libbet, dat er him op Exegol befynt, en dat er in reuseftige float stjerreslachskippen boud hat. Rey lêst yn 'e notysjes fan har âlde master Luke Skywalker dat men ferlet hat fan in weifiner om Exegol te berikken. Mei Finn, Dameron, Chewbacca en de robots BB-8 en C-3PO set se yn it romteskip de Millennium Falcon ôf nei de woastinige planeet Pasaana, dêr't neffens Luke in oanwizing ferburgen wêze soe om 'e twadde weifiner te finen.
Op Pasaana oankommen, bedarret de groep middenmank in grutte kloft lânseigen bûtenierdske wêzens, de Aki-Aki, by de fiering fan harren Festival fan 'e Foarâlden. Kylo foarmet in bân troch de Krêft mei Rey, eat dat de bemuoienissen fan Snoke mei har beiden mooglik makke hawwe. Se hawwe earder útfûn dat se inoar fia dy mentale bân ek fysike dingen oerjaan kinne. No skuort Kylo Rey in festivalkeatling ôf, dat er analysearje lit om te sjen wêr't it wei komt. Sa fynt er út wêr't sy is. Hy stjoert stoarmtroepers fan it garnizoen fan 'e Earste Oarder op Pasaana efter har en har selskipslju oan. De groep wurdt finzen nommen troch in pear fan 'e stoarmtroepers, mar daliks wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling mei in gesichtsbedekkende helm op. Hy nimt harren mei nei in feilich plak, dêr't de helm ôfgiet en it nimmen oars as Lando Calrissian blykt te wêzen, in held fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch.
Lando fertelt Rey en har freonen dat hy en Luke yn it ferline op Pasaana tegearre omdôch socht hawwe nei in artefakt dat harren de lokaasje fan 'e twadde weifiner dúdlik meitsje soe. Se bedarren op Pasaana om't se in agint fan 'e Sith folgen, in Ochi fan Bestoon. Dy syn spoar rekken se lykwols op Pasaana bjuster; it is ûnbekend wat der fan him wurden is, mei't syn romteskip noch altyd yn 'e woastyn stiet. Rey-en-dy beslute dat se it skip fan Ochi trochsykje moatte, ek al hawwe Luke en Lando dat earder ek al dien. Efterfolge troch stoarmtroepers sette se ôf de woastyn yn. Nei't se mei de stoarmtroepers ôfweefd hawwe, bejouwe se har nei it romteskip fan Ochi. Ear't se dat berikke kinne, reitsje se lykwols allegearre fêst yn driuwsân. Se kinne harsels net befrije en geane ien foar ien kopke-ûnder.
Ynstee dat se deageane, sakje Rey-en-dy lykwols dwers troch it plafon in ûndergrûnsk gongestelstel yn. Dêre fine se it bonkerak fan Ochi werom, dy't lang ferlyn blykber itselde oerkommen is, en dy't dúdlik nea wer in útgong fine kinnen hat. Yn syn besit treffe se it artefakt oan dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith. C-3PO, dy't mear as seis miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket, is de iennichste dy't it lêze kin, en hy bewissiget de oaren derfan dat er persiis wit wat der stiet, mar syn programmatuer ferbiedt him lykwols om dingen út 'e Sith-taal oer te setten, sadat er harren net fertelle kin wat de ynskripsje ynhâldt. Wannear't it selskip úteinset mei in syktocht nei in útgong út it gongestelsel, komt it bist dat de tunnels groeven hat, in reuseftige achteagige slange, harren oer it mad. Rey giet lykwols ûnferfeard op it bist ôf, en as se sjocht dat it in iepen wûne hat, genêst se dy troch de Krêft te brûken om wat fan har eigen libbensenerzjy nei it bist oer te heveljen. De slange lit har en har freonen dêrnei gewurde, en ûnder it fuortgean slacht er mei syn sturt in gat yn it plafon fan in tunnel nei de iepen loft ta.
Dameron ornearret dat se net werom kinne nei it festival om 'e Millennium Falcon op te heljen, mei't it dêr no sûnder mis optilt fan 'e stoarmtroepers. De groep beslút om 'e planeet mei it romteskip fan Ochi te ferlitten. Sadree't se it skip fan deunby sjocht, ken Rey it wer as it skip dêr't har âldelju yn ôfset binne doe't se har as lyts famke yn 'e steek lieten. Wylst de oaren it âlde skip ree meitsje foar de ôfreis, wurdt Rey de oanwêzigens fan Kylo Ren op Pasaana gewaar. Se giet in ein by de oaren wei om in konfrontaasje mei him oan te gean en lit syn TIE-jager delstoarte yn 'e woastyn. As Dameron-en-dy it romteskip klear hawwe, giet Chewbacca efter har oan, mar hy wurdt finzen nommen troch de trewanten fan Kylo, eardere Jedi-learlingen dy't mei him oergien binne nei de tsjustere kant fan 'e Krêft en no bekend steane as de Ridders fan Ren.
As Rey en Chewbacca net werom komme, set Finn harren efternei, dy't sjocht hoe't de finzen Chewbacca yn in romtefear laden wurdt. Hy skrept nei Rey ta, en as der in romtefear opstiget, ropt er har ta dat Chewbacca oan board is. Rey brûkt de Krêft om it romtefear werom nei de planeet te lûken, mar Kylo, dy't syn delstoarten fierhinne ûnskansearre oerlibbe hat, brûkt de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, dat se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat. Se jout har by de oaren yn it romteskip fan Ochi. Dêr docht bliken dat Chewbacca de Sith-dagge by him hie, dat it artefakt is ek ferlern gien. C-3PO oppenearret dat de tekst no inkeld yn syn ûnthâld opslein leit, mar dat dêr nimmen derby kin, of it moat wêze dat syn ûnthâld fierders hielendal wiske wurde soe. Nei't se fêststeld hawwe dat de robot R2-D2, dy't by Leia op 'e Fersetsbasis efterbleaun is, geregeldwei in back-up makket fan it ûnthâld fan C-3PO, beslute Rey, Dameron en Finn dat yn dit gefal it doel de middels hilliget.
Dameron ken in ekspêr yn roboatika dy't in ûnthâldswisking útfiere kin. Dyselde is lykwols fêstige op 'e planeet Kijimi, dêr't er leaver net wer hinne gean soe, om't er der fijannen makke hat. Hy beslút der lykwols mar it bêste fan te hoopjen en set koers dêrhinne. Op Kijimi blykt it te wrimeljen fan 'e stoarmtroepers. It selskip wurdt lykwols net troch de Earste Oarder fûn, mar troch Zorii Bliss, in froulike smokkelder dy't Dameron raar sitte litten hat. It docht bliken dat Dameron foarhinne ek in smokkelder wie. Zorii wol Dameron earst fermoardzje, mar betinkt har dan en wol him ynstee útleverje oan 'e stoarmtroepers foar de preemje dy't op syn holle set is. Mar se lit har troch Rey beprate om 'e groep te helpen, wêrnei't se harren by de robotsmid Babu Frik bringt. C-3PO sjocht bot tsjin 'e proseduere oan, mar Rey lit it oan himsels oer om te sizzen oft it nedich is of net. Hy is de iennichste dy't wit wat de ynskripsje seit en dus ek de iennichste dy't bepale kin hoefolle wearde oft dy hat. C-3PO antwurdet dat de tekst fan 'e ynskripsje fan krúsjaal belang is foar it Ferset, en ûndergiet de proseduere dêrnei frijwillich. As syn ûnthâld ienris wiske is, blykt dat de ynskripsje bestiet út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e twadde weifiner.