Marjorie Gestring (Los Angeles, 18 novimber 1922 - Hillsborough, 20 april 1992) wie in Amerikaansk keunstdûkster.

Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn Olympysk kampioene op de trije meter planke.

Yn de âldens fan 13 jier en 268 dagen wûn se de gouden medalje op de trije meter planke, wêrmei't se op dat stuit de jongste persoan ea wie dy't yndividueel in Olympyske gouden medalje wûn. Olympics.com, Olympic records: From most successful to the youngest medallists - who’s who, Riedplachte op 29-1-2025

Marjorie Gestring ferstoar op 20 april 1992, yn 'e âldens fan 69 jier, as gefolch fan in ûngelok yn har hûs.

Kategory:Amerikaansk keunstdûker Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1992