thumb|De baskúlkelder en toer (2023) De Geaubrêgen wiene twa direkt njonken elkoar lizzende baskulebrêgen oer de Geau yn Snits.

De brêgen waarden yn 1974 iepene en foarmen de oerspanning fan de Geau foar de Rykswei 7. De lingte is 51,5, breedte 16,6 en de oerspanning 13 meter. De brêgen moasten troch de drokke befarring geregeld iepene wurde, wêrtroch't der ek faak files ûntstienen. De brêgen binn yn 2008 diels sloopt en ferfongen troch it Geau akwadukt.

De lokale polityk hat yn 2010 besluten om yn de eardere baskulekelder, tsjintwurdich De Geaukelder neamd, in poppoadium bouwe te litten. Besluitvoering op Political Archive De Geaukelder soe in regionale funksje as oefenromte foar popgroepen krije. Timpaan Welzijn soe de popkelder eksploaitearje. It plan waard lykwols nea útfierd. Yn 2015 stie it bouwurk noch altyd leech, wêrnei't de gemeente it plan opfette der in keunstwurk fan te meitsjen. Gemeente wil kunstwerk maken van restanten Geeuwbrug, SneekLive.nl, 28 jannewaris 2015 (argivearre) Ein 2023 waard it bouwurk oanbean as wenning.

Kategory:Brêge yn Snits Kategory:Bouwurk út 1974 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2008 Kategory:Earder bouwurk yn Snits