thumb|260px|It ynterieur fan de Broeretsjerke (2014)

De Broeretsjerke is in trijeskippige pseudobasilikale goatyske tsjerkegebou yn de Fryske stêd Boalsert. It bouwurk is in ryksmonumint.

Skiednis De tsjerke waard yn de 13e iuw boud as kleastertsjerke fan de troch de yn 1270 Minderbruorren stifte kleaster. Mei de bou fan de tsjerke waard mooglik yn 1281 úteinset en waard yn twa opienfolgjende fazen boud dy't mooglik oant yn 1313 trochrûn.

De tsjerke baarnde yn 1503 ôf en rekke yn 1580 fannijs skeind. It kleaster waard yn 1580 ferlitten en ôfbrutsen en de tsjerke kaam yn hannen fan de protestanten. De tsjerke waard yn 1663 en 1779 weropboud en yn 1906/1907 wie der in restauraasje fan de tsjerke nei plannen fan Ed Cuypers en útfierd troch J. Wesseling.

De trijeskippige tsjerke sûnder toer is in ruïne troch in brân dy't barde op 8 maaie 1980. Yn 1986 waard de tsjerke iepensteld. It âldste gebou fan Boalsert krige yn 2006 in glêzen oerkaping nei ûntwerp fan arsjitekt Jelle de Jong.

De tsjerke It gebou hat in ryk útfierde westgevel mei omheechgeande bôchfriezen en hat binnendoar bakstiennen pylders mei listkapitelen. Yn 1635 boude de Grinzer oargelbouwer Anthonie Verbeek in oargel yn de Broeretsjerke, dy't dêr oant 1869 yn stien hat. Dat jiers waard er nei de Boalserter Martinytsjerke oerpleatst, dêr't it piipwurk foar it grutste part ferlern by gien is. Yn 1967 ferhuze de oargelkas nei de Grinzer Martinytsjerke en yn 1992 waarden de oerbliuwsels as transeptoargel yn de Der Aa-tsjerke yn Grins pleatst. It stiet bekend as de "Boalsertoargel".

De tsjerke hat oant 1970 tsjinne as tsjerke foar de herfoarme gemeente.

Galery

Sjoch ek List fan ryksmonuminten yn Boalsert Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Tsjerkegebou yn Boalsert Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Boalsert Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw