Josjkar-Ola (Russysk en Marysk: Йошкар-Ола; oant 1919 Tsarjovokoksjajsk (Царёвококшайск) en fan 1919 oant 1927 Krasnokokstsjaisk (Краснококшайск); is de haadstêd fan de Russyske dielrepublyk Mari El.

De universiteitsstêd leit oan de Lytse Koksjaga (Малая Кокшага).

Skiednis

Nei de oermastering fan it gebiet troch Ruslân waard de stêd yn 1584 as militêre fêsting stifte. De oarspronklike betsjutting fan de stêd wie 'Tsarestêd oan de Koksjaga'.

Oan it begjin fan de 18e iuw waard Josjkar-Ola by it gûvernemint Kazan yndield.

Yn 1919 waard de stêd yn Krasnokokstsjaisk (Reade stêd oan de Koksjaga) omneamd. Sûnt 1927 krige de stêd de ynhiemske namme Joasjkar-Ola (Marysk foar 'Reade stêd').

De stêd krige koartlyn in nagelnij stedssintrum en wurdt fanwegen de tapaste boustyl ek wol 'Europa yn it hert fan Ruslân' of in 'kopy fan Moskou' neamt. De stêd is ien fan de kulturele sintra fan de Finsk-Oegryske folken en wurdt troch in soad toeristen besocht.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1859 1897 1926 1939 1959 1970 1985 1995 2000 2010 2020 2022 Befolking 1172 1700 4300 27.179 88.744 166.073 228.000 251.000 249.200 248.782 274.715 279.399

</center>

Kategory:Plak stifte yn 1584