Julio Jiménez Muñoz (Ávila, 28 oktober 1934 - dêre, 8 juny 2022) wie in Spaansk hurdfytser.
Karriêre Jiménez wie profhurdfytser fan 1961 oant en mei 1969. Hy wûn trije kear, yn 1965, 1966 en 1967, it berchklassemint yn de Omgong fan Frankryk. Hy wûn ek trije kear, yn 1963, 1964 en 1965, it berchklassemint yn de Omgong fan Spanje. Yn 1964 waard er Spaansk kampioen op 'e dyk.
Julio Jiménez ferstoar op 8 juny 2022 yn 'e âldens fan 87 jier as gefolch fan in ferkearsûngelok yn syn berteplak Ávila.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1964 - 7e; winner 13e en de 20ste etappe. 1965 - 23e; winner 9e en de 17e etappe. 1966 - 13e; winner 16e etappe. 1967 - 2e; 1968 - 30e
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1961 - 36e; 1962 - 46e; 1963 - 23e; 1964 - 5e; winner 5e en de 14e etappe. 1965 - 34e; winner 10e etappe.
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1966 - 4e; winner 2e en de 15e etappe. 1968 - 10e; winner 9e en de 18e etappe.
Ploegen 1957 - CC Ávila 1959 - Bilbao-Goyoaga 1960 - Licor 43 1960 - Lambretta-Mostajo 1960-1961 - Catigene 1962-1963 - Faema 1964-1966 - Kas-Kaskol 1966 - Ford France-Hutchinson 1967-1968 - Bic 1969 - Eliolona
Kategory:Spaansk hurdfytser Kategory:Kastyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2022