thumb| Wapen fan Iens It wapen fan Iens is it wapen fan it doarp Iens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1997 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in út de skyldfoet opriizjende griene terp, belein mei in klaver oan in tûkje, alles fan goud; fan boppe beselskippe fan twa blommen út it skerm fan de swanneblom; yn it skyldhaad in geande, goudene liuw.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
Griene terp: ferwiist nei de terp dêr't it doarp op leit. Klaver oan tûkje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania dy't in stins yn it doarp bewenne. Swanneblommen: wie eartiidsk in doarpssymboal. Liuw: oernommen fan de klok fan de Herfoarme Tsjerke fan Iens.
Sjoch ek
Iens Kategory:Iens