thumb| Flagge fan Sumar De flagge fan Sumar is de flagge fan it doap Sumar, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen yn de lingte fan read-wyt-grien, yn de ferhâlding 1:1:2, de banen trije kear toske.

De kleuren komme út it wapen fan Sumar.

Symbolyk Reade hijs: ferwiist nei eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Trije tosken: ferwize nei de trije plûmen fan de reidplant út it wapen fan Sumar.

Sjoch ek

Sumar Kategory:Sumar