thumb| Wapen fan Hijum It wapen fan Hijum is it wapen fan it doarp Hijum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1996 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud en út de skyldfoet riizjende terp fan sinopel, belein mei trije prinsjes fan goud, pleatst 2 en 1, boppe in lizzende wassenaar fan sulver; de terp fan boppe beselskippe fan twa opspringende kikkerts fan sinopel.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), kiel (read) en sulver.

Symbolyk Terp: ferwiist nei de plaknamme dat safolle betsjut as "troch wetter omspield lân". Wassenaar: oernommen út it wapen fan de famylje Aebinga van Humalda dy't by it doarp stins bewenne. Ek ferwiist de wassenaar nei it Kleaster Mariëngaard noardwestlik fan Hijum. Trije peinjes: symboal fan Nikolaas fan Myra, patroanhillige fan de Nikolaastsjerke fan Hijum. Kikkerts: ferwizing nei de skelnamme fan de ynwenners fan Hijum, "kikkerts".

Sjoch ek

Hijum Kategory:Hijum