thumb| Wapen fan Sigerswâld It wapen fan Sigerswâld is it wapen fan it doarp Sigerswâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnijd; I. yn kiel in seineblêd fan sulver; II. yn azuer fjouwer turven fan sulver pleatst 1, 2 en 1; oer de trochsnijingsline in fersmelle dwersbalke fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk Seineblêd: ferwiist nei it hege diel fan it doarp mei de Herfoarme Tsjerke fan Sigerswâld. De seine ferwiist nei de lânbou en feehâlderij. Sulveren dwersbalke: ferbyldet de Drachtster Feart dy't it doarp yn twaën dield. Blau fjild: ferwiist nei it grutte tal wetters yn de omkriten fan it doarp. Sa as de Sigerwâldstermar en de Waasmar. Sulveren turven: ferwize nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. De turven binne yn in krús pleatse as ferwizing nei it foarwurk fan it kleaster yn Smelle Ie.
Sjoch ek
Sigerswâld Kategory:Sigerswâld