thumb| Wapen fan Fryske Peallen It wapen fan Fryske Peallen is it wapen fan it doarp Fryske Peallen, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Omkeard kepersgewiis trochsnijd troch in skâns fan sinopel: I. yn azuer twa peallen fan sulver, belein mei pompeblêden fan kiel; II, peallen fan goud en kiel fan 10 stikken.
De heraldyske kleuren binne: sinople (grien), azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.
Symbolyk Boppeste peallen: ferbyldet de Fryske flagge as peallen. Dit makket it wapen sprekkend. Griene skânsdwinger: ferwiist nei de skâns dy't yn 1593 yn opdracht fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg oanlein waard. Underste peallen: oernommen út it wapen fan Aragon, symboal foar Spanje as tsjinstanner yn de Tachtichjierrige Oarloch.
Sjoch ek
Fryske Peallen Kategory:Fryske Peallen